Werom nei it foarblêd Ynformaasje oer it duo It programma dat spile wurdt Alles oer de foarige programma's Optredens en beskikberens Foto's, fideo's, posters, parseberjochten Nijtsjes en oare aardige saken Lês en skriuw yn ús gasteboek

Klún & Knoffelhakke op Hyves!
Klik op it logo om lid te wurden!


De Fryske Alvestêden op'e fyts...Us doarpke is op Pinkstermoandei it noardlikste doarpke yn'e alvestêderûte. It falt dan net ta om as lyts doarpke op te fallen tusken al dy grutte stêden. It doarpke fljocht foarby sûnder dat jo der erch yn ha. Is der yn dy drokte noch wol each foar in lytse mienskip? It docht bliken, dat sa'n lyts doarpke just in plak is, dêr't in minske him thús fiele kin. In plak dêr't noch nei inoar omsjoen wurdt, dêr't je noch yn'e gaten hâlden wurde, kom dêr yn de stêd ris om! Guon kinne dat as kwealik ûnderfine, en tinke dat alle doarpsbewenners efter de gerdinen lizze om elkoar te beloeren (no is dat fansels ek sa...). Mar dat falt wol wat ta, it kin just ek hiel moai wêze! Al dy ferhalen, al dy rare fiten en foarfallen de humor leit yn in doarpke noch op strjitte. Dat kinne jo fan de stêd net sizze. Dêr leit hiel wat oars op'e strjitte. Dêr kin it sels gefaarlik wêze om oer dyselde strjitte te gean. Set dat ris tsjinoer in lyts doarpke! Yn ús doarpkes kinne wy de bern mei in gerêst hert op strjitte knikkerje litte!


Mar al hoe fier in minske wei komt, se witte de lytse doarpkes te finen. Achmed siket asyl en it regear hat him nei ús doarpke ta stjoerd. Hoe pakt dit út? Botse de kulturen, hoe stiet it doarp der tsjinoer? Wy dogge mar gewoan. Achmed is in gast en komt by ús te wenjen. En dan sjogge wy wol hoe' t it útpakt.


En wylst Achmed oan it útpakken is, geane wy op alvestêdetocht troch de ferhalen fan it lytse doarp. Op ús tocht moatte wy nochal wat klune en knoffelje, mar dêr wurdt de tocht allinne mar moaier fan! En dan mar hoopje dat it publyk oan'e kant mei genietsje sil!

Dit programma is ûntstien út de jierlikse doarpsrevu dy't Hendrik van der Heide tsien kear yn Hantum fersoarge hat. De ferhalen binne oanpast, mar de útfiering is wakker gelyk. Yn 1994 die foar it earst Broer Douma mei. En net sûnder sukses! Broer is in echte toanielman, troch de moster fitere by Pro Rege yn Holwert en de Fryske Krite yn Dokkum. No mar ris sjen oft se as Klún- en Knoffelhakke oerein bliuwe kinne!


ALVE STEDEN EN IEN DOARPKE gie op 8 oktober 1994 yn premiêre en de lêste útfiering wie op 30 april 1999 yn it 'Geahûs' te Garyp. Klún en Knoffel ha it sa'n 75 kear opfierd.


| Foarblêd | Ynformaasje | It programma dat spile wurdt | De foarige programma's
| Spyllist en beskikberens | Foto's, fideo's ensfh. | Prikboerd | Gasteboek |