
Programma 1: Alve Stêden en ien Doarpke - Spile fan 1994 - 1999

Programma 2: Wat? it Waad! - Spile fan 1996 - 1999

Programma 3: Kommersjeel! - Spile fan 2001 - 2003

Programma 4: In Moai Stikje - Spile fan 2003 - 2006

Programma 5: It is de boer allikefolle - Spile fan 2006 - 2009
Klún & Knoffelhakke is ûntstien út de jierlikse doarpsrevu dy't Hendrik van der Heide fanôf 1989 tsien kear yn Hantum fersoarge hat. Yn 1994 die foar it earst Broer Douma mei. En net sûnder sukses! It waard in geweldige revu. Net allinne yn 'e seal, mar ek foar ús sels. Doe is besluten om it ek ris yn oare plakken te besykjen. Mei in jierliks folle aginda ta gefolch...
De namme is ûntstien út in healwize oersetting fan 'de Stuntels'. Omdat dit gjin Frysk is, giene wy yn it Frysk wurdboek op syk nei in Frysk wurd foar stuntel. Sa kamen wy by knoffelhakke. It aardige is dat in pear siden earder yn it wurdboek klúnhakke stiet, mei deselde betsjutting as knoffelhakke. Dan is in kombinaasje gau makke: klún- en knoffelhakke. Mar om't it streekje gauris fergetten wurdt, ha wy der mar Klún & Knoffelhakke fan makke... De foto hjirnjonken is historysk! De alderearste sêne fan ús duo!