Klún & Knoffelhakke op Hyves! Klik op it logo om lid te wurden! |
Nei fjouwer programma's binne Klún & Knoffelhakke even ta oan wat rêst! Se ha it ek sa drok hân, it fjirde programma is mear as 100 kear spile wurden! Dat Klún & Knoffelhakke pakke de koffers yn en geane der op út! Gjin fiere reizen, gjin fleantúch as 'cruise' op de Middellânske see. Nee, Klún en Knoffel bliuwe gewoan yn eigen lân. Werom nei de natoer, genietsje fan de eigen omjouwing en genietsje fan de rêst. Mar dan docht bliken dat ek de lytse plakjes fûn wurde troch oare lânslju dy 't harren sanedich oerjaan moatte oan de nijste moadegrillen. Fan dy opstigings dy't men elkoar oanpraat om 't se sjoen wurde op televyzje as om 't lêzen wurdt yn de 'glossy magazines'. En dan binne ek de ienfâldichste plakjes net mear feilich en wurdt it ek dêr in drokte fan komsa! Mei 'It is de boer allikefolle...' meitsje Klún & Knoffelhakke der wer in healwize sjo fan. Mei nuvere typkes, moaie ferkes en frjemde foarfallen. Kom mei en gean der mei op út yn de 5e sjo fan it Hantumer duo! Klik HJIR foar foto's fan de premiêre makke troch Geurt P. Maassen van den Brink.
| Spyllist en beskikberens | Foto's, fideo's ensfh. | Prikboerd | Gasteboek |
|