teaterduo Klún & Knoffelhakke oer it duo...
Foar boekingen:
0519-571810
Klún & Knoffelhakke - Foar in noflike jûn!
© Makke troch www.vanderhei.de - 2017
It duo Klún en Knoffelhakke bestiet út de spilers Broer Douma en Hendrik van der Heide út Hantum. Sûnt 1994 binne se op’n paad mei harren jûnsfoljende programma’s en dat slacht oan, want Klún en Knoffelhakke binne alle wiken wol earne op in poadium te finen. Sa stadichoan komt it duo troch hiel Fryslân en oeral is it fleurich en gesellich! De programma's fan Klún en Knoffelhakke litte harren it bêste omskriuwe as typkesteater, wêryn it publyk ek net fergetten wurdt. Klún en Knoffelhakke besykje der in sjo fol mei nuvere typkes en frjemde foarfallen fan te meitsjen. Al dy frjemde fûgels ha op ien of oare wize te krijen mei in nuveraardich ferhaal, in reade tried, dy't Klún en Knoffelhakke altyd yn harren foarstelling besykje te stopjen. It duo hat eins mar ien doel: de minsken in noflike jûn besoargje!
Organisearje jo in bysûndere jûn as middei en foar de fleur sykje jo der noch wat by om bygelyks optredens oan elkoar te praten as de minsken te fermeitsjen by binnenkomst as yn it skoft, dan binne jo by Klún & Knoffelhakke krek te plak! Mei oare wurden: foar in noflike jûn, lang as koart, mei Klún & Knoffelhakke wurdt it altyd wat!
teaterduo
Klún & Knoffelhakke oer it duo...

Foar boekingen: 0519-571810 ynfo@klun-knoffelhakke.nl