Yn it lytse doarpke Prottelstum, earne yn Fryslân, stiet de boel op 'e kop! De pleatslike feestkommisje fiert harren 15 jierrige jubileum en dat moat in hiel grut feest wurde!
Mar de tariedingen geane net sa soepel. De iene wol dit en de oare wol dat, wol as gjin flachjes, feestpeallen as fersiering yn 'e tún. Kin dat net ris oars? It is ek hast alle kearen itselde. En dan altyd en iiwich dat smoarge jild. Lokkich nimme Joop & Joop, fan it recycling bedriuw mei deselde namme, de sponsoring fan it feest op harren. Mar oft dit wol sa'n lokkige kar is...
Ek mei dit fleurige programma wolle Klún & Knoffelhakke der wer in healwize sjo fan meitsje. Dat dit fêst slagje sil, docht wol bliken út it grut tal oanfragen foar dit duo út it noarden fan Fryslân. Al 15 jier soargje Klún & Knoffelhakke foar in protte fleurige jûnen. Dy 15 jier hat mei ynspirearre ta dit feestlike seisde programma!

Wat oaren fan dit programma fine:
- Onlangs ben ik bij jullie voorstelling geweest in Noardburgum. Een regelrecht succes!
- Was een gezellige avond met 2 rasechte komieken!
- GEWELDICH!!! We hawwe 'n protte wille hân...
- Zaterdagavond speelde het succesvolle cabaretduo uit Hantum in het MFC Hústerwâld. Het was een zeer geslaagde avond...
- De meeste bezoekers gingen naar huis met overbelaste lachspieren!
- Goed ad rem en ynspylje op it publyk is in keunst dy't net eltse akteur machtich is. Jimme dogge dat op in treflike wize dy't alle lof fertsjinnet...
- Waar deze heren de onzin en nonsens vandaan halen is onbekend. Wat we wel weten is dat we enorm hebben genoten om de vele sketches met hele leuke woordspelingen....
- Deze twee mannen hebben met 't is FEEST bewezen dat ze de zaal compleet op hun hand krijgen met hun grappen en grollen...
- Een prachtig programma met veel humor waarbij verschillende bezoekers uit de zaal werden betrokken die onverwacht in deze komische voorstelling terecht kwamen...
Klik
hjir
foar in oantal foto's fan de premiêre