Werom nei it foarblêd Ynformaasje oer it duo It programma dat spile wurdt Alles oer de foarige programma's Optredens en beskikberens Foto's, fideo's, posters, parseberjochten Nijtsjes en oare aardige saken Lês en skriuw yn ús gasteboek

Resinsjes:

Kommersjeel!
22-10-2001
25-10-2001
25-01-2002
25-04-2002

In Moai Stikje
25-01-2004
25-02-2005
16-07-2005
21-09-2005
10-10-2006
06-11-2006

It is de boer...
28-08-2007
22-10-2007
20-10-2009
27-11-2009

't Is FEEST!
13-03-2010
10-04-2010
02-10-2010
22-10-2010
08-01-2011
05-02-2011


Klún & Knoffelhakke op Hyves!
Klik op it logo om lid te wurden!

Út de Dockumer Courant...

Yn 'e Dokkumer krante fan 8 maart stie in moai redaksjoneel stik fan Fokke Wester. Dit nei oanlieding fan de premiêre fan ús eisde programma. It is in prachtich stik wurden! Klik op ûndersteande link om it stik te lêzen.
Dokkumer krante 08-03-2010.

De thuisblijver had weer ongelijk...

Zaterdagavond 16 november. Ik zit lekker onderuitgezakt op de bank te denken: zal ik wel, zal ik niet... Eigenlijk hoef ik dat helemaal niet te beslissen, dat wordt voor mij (zoals de meesten onder ons) beslist. Op naar de Utwyk. Onderweg blijkt dat wij niet de enigen zijn, wij lopen haast pelotons gewijs. Eenmaal binnen zoeken we een mooi plekje, want ja laten we eerlijk zijn, als je er dan toch bent dan wil je ook alles goed zien. Nou het begin was al goed. Twee kerels die aan het bellen waren. Op een gegeven moment was er een van de twee verdwenen. Ik dacht nog, die heeft zijn geld vlug verdient. Even later begint er achter in de zaal een of andere vrouw te donderjagen. Bleek dat die verdwenen vent te zijn. Grandioos zoals zij de zaal bij hun akt betrokken. Zo liep de bespeelbaarheid van de zaal als een rode draad door het programma. Ik heb mij kostelijk vermaakt, en iedereen met mij. In het dankwoordje van de voorzitter kwam naar voren, dat wij helemaal geen bekende Nederlanders hoeven te hebben om ons te vermaken. Dit was een voltreffer in onze eigen taal. Hier sluit ik mij graag bij aan. En als zovaak, de thuisblijver had weer ongelijk. De volgende keer hoeft er niet weer voor mij beslist te worden, ik ben de eerste die op de stoep staat...
Een tevreden lid - Buurtkrantje buurtvereniging 'De Fontein' - Drachten - november 2003

Klún en Knoffel: typkeskabaret yn Van Duinsfear
'Ik fyn it machtich om it publyk te bespyljen'

'Wy bringe gjin heechdravend kabaret, mar mear wat yn de trant fan André van Duin en Frans van Dusschoten,' seit Broer Douma. Tegearre mei Hendrik van der Heide foarmet hy it komyske duo Klún- en Knoffelhakke. De mannen trede gauris yn de provinsje op mei foarstellingen dy't neffes harren wat tusken kabaret, toaniel en revu ynlizze.

De Hantumer learkrêft Hendrik van der Heide (42) en syn doarpsgenoat, de monteur en hanneler Broer Douma (29) kenne elkoar al jierren. Hendrik: 'Ik ha Broer noch yn'e klasse hân, doe't ik yn Hantum krekt as ûnderwizer wurke. It wie doe al in hiel bysûndere jonge.' Beide ha se jierren spile by toanielferiening It Hantumer Ploechje, mar troch de drokte mei Klún- en Knoffelhakke is der in ein oan kommen. Hendrik: 'Eins leit de oarsprong fan ús gearwurking by de Hantumer nijjiersrevu, dy't ik altyd solistysk brocht. Wat oan de saaie kant, fûn ik sels, dat doe ha'k yn '94 frege oft Broer meidwaan woe.' Broer: 'Wat ha wy doe in soad wille hân. It wie in grut sukses.' Fan it op harren doarp rjochte programma ha sy letter in ferzje makke dy't ek geskikt wie om earne oars mei op te treden. Alve Stêden en ien Doarpke hjit dy foarstelling, dy't se oan't no ta al mear as 60 kear spilen. Letter kamen sy mei it programma Wat?... it Waad, dat oan't no ta al hast 50 kear brocht waard. Yn maart hat it duo in 'try-out' mei it nijste produkt Klún en Knoffel geane kommersjeel! De earste twa programma's kinne lykwols dan ek noch hieltyd boekt wurde. Broer: 'Wy ha der absolút gjin muoite mei om ferskate programma's neist elkoar te spyljen. Wy fine it krekt hiel aardich, want it jout ús wat ôfwikseling

Boekjestoaniel
Yn de stikken dy't troch Hendrik skreaun binne, komme in hiel soad typkes foar, dy't praktysk allegearre troch Broer delsetten wurde. It is ek foar in grut part syn taak om de seal oan it laitsjen te krijen. Hendrik: 'Ik bin de oanjouwer en Broer soarget foar hilariteit; dy rolferdieling leit ús it bêste.' Broer: 'Ik fyn it machtich om it publyk te bespyljen en hoe mear as de minsken yn'e seal reagearje, hoe losser ik wurd. Fansels moast as akteur wol de frijheid krije om soks dwaan te kinnen. By regissearre 'boekjestoaniel' is eins gjin plak foar spontaniteit, mar by Klún- en Knoffelhakke kin ik alle kanten op.' It duo hat dêrom oant no ta noch gjin regisseur yn'e earm nommen, mar Hendrik hat der wolris oan tocht om immen fan bûten om regyadvys te freegjen. Hendrik: 'Mar ja, wy fine it gewoan ek wol aardich om it sels te dwaan. Dat is no krekt de hobby!' Broer: 'Wy binne beide toanielmannen en ha wol wat ynsjoch troch ús ûnderfining. Boppedat: ik bin troch in oar net te regissearjen.'

Ferklaaie en omdrave
It programma Alve Stêden en ien Doarpke spilet him foar in grut part ôf yn Hantum, dat yn de rûte opnommen is fan de alvestêdetocht op'e fyts. Dat evenemint foarmet de reade trie yn de foarstelling. It dekor, makke troch Renze Kooistra, bestiet út roldoeken dêr't mei in protte each foar detail it oansicht fan it doarpke op skildere is. Broer Douma nimt de measte typkes foar syn rekken. Soest hast tinke dat hy de kondysje fan in atleet ha moat, want bûten it sicht fan it publyk wurdt yn heech tempo hiel wat ôfferklaaid en omdraafd. Wat it spyljen fan de typkes oanbelanget is it dúdlik dat Broer oan André van Duin in goed foarbyld hat. It moat sein wurde dat Broer him prima mei it typkestoaniel rêde kin en dat it him slagget om ek it wat dregere publyk laitsje te litten. Hy jout him withoefaak ûnder de minsken yn'e seal om kontakt te meitsjen en op in stuit fregest dy ôf oft it duo dy oanpak no as middel of as doel sjocht. Soarget Hendrik foar it skoft noch foar wat rêst, yn it twadde part spilet er in skoalmaster dy't hast in senuwynsinking krijt troch in ferskriklik beweechlike, ûndogense learling. In tige lange skets, mei fan begjin oant ein in protte drokte. It soe in prachtputsje wêze foar in regyadviseur om oan de spanningsopbou fan dy skets te wurkjen. Yn de foarstelling wurdt troch it duo in soad praat; ôfwikseling troch lieten of muzyk is der praktysk net. Broer: 'Dat is bewust dien; wy binne gjin sjongers.' Yn de foarstelling komt in koart stikje toaniel foar, dat stilearre en sûnder wurden útfierd wurdt. It is aardich dien en bysûnder om nei te sjen. It soe foar it ferskaat moai wêze as yn it nije programma wat mear fan dat soarte fan rêstpunten sitte. Mar ek al is dat net it gefal: minsken dy't fan typkeskabaret hâlde, sille harren grif de bûsen útskuorre by Klún en Knoffel geane kommersjeel.

troch: Roland Bouma - F-side LC en FD - 2 febrewaris 1999

Algemien parseberjocht...

Klún en Knoffelhakke bringe yn 't winterskoft harren fjirde jûnfoljende programma. De trije foargeane programma's wiene tige suksesfol en it duo giet der fan út dat dit ek wer mei de fjirde sjo slagje sil. De programma's fan Klún en Knoffelhakke litte harren it bêste omskriuwe as typkeskabaret, wêryn it publyk ek net fergetten wurdt. Klún en Knoffelhakke besykje der in sjo fol mei nuvere typkes en frjemde foarfallen fan te meitsjen. Al dy frjemde fûgels ha op ien of oare wize te krijen mei in nuveraardich ferhaal, in reade tried, dy't Klún en Knoffelhakke altyd yn harren foarstelling besykje te stopjen.
Brûzjend Wymbrits/Actief - jannewaris 2004

Friesche Vereniging start seizoen met cabaret

Met het Hantumer cabaretduo Klún en Knoffelhakke opende de Friesche Vereniging 'Ut en thús' uit Amersfoort zaterdag 1 november het winterseizoen 2003-2004. De Friesche Vereniging had zichzelf een rustjaar gegund, waardoor deze eerste avond werd verzorgd door het cabaretduo Klún en Knoffelhakke, dat in no time de zaal voor zich wist te winnen met het programma 'Kommersjeel'...

...Ook is de bodem van het geldkoffertje in zicht gekomen na het contract met een aantal bekende Nederlanders. Dit werd op en grandioze manier vertolkt in het lied 'Wa sil dat no betelje'...

De organiserende vereniging kan terugzien op een sprankelend begin van het winterseizoen 2003-2004, dat nog een aantal interessante avonden in petto heeft. Een avond met een actueel item, op een humoristische wijze gebracht door een technisch begaafd cabaretduo dat al bijna 10 jaar optreedt in de Friese taal door het gehele land.
Amersfoort Noord - 5 november 2003


| Foarblêd | Ynformaasje | It programma dat spile wurdt | De foarige programma's
| Spyllist en beskikberens | Foto's, fideo's ensfh. | Prikboerd | Gasteboek |