
Klún & Knoffelhakke op Hyves! Klik op it logo om lid te wurden!
|
Klún en Knoffelhakke geane kommersjeel
Hjitte Koop en Johny echte juppen op't toaneel
Earrekrûper Dikke Wille ha wy no
Wurdt in grut spektakel en in kommersjele sjo
Boppesteande rigels sjonge Klún & Knoffelhakke yn it iepeningsnûmer fan harren tredde programma 'Kommersjeel'. It duo, no op de planken as Koop Krûper en Johny Ear, hat in koffer fol jild. Koop en Johny witte der wol rie mei, jild moat rôlje, dat de twa mannen sette útein mei in hiel nij projekt, passend yn dizze tiid. Se begjinne in nije kommersjele omrop: Earrekrûper Dikke Wille bv. as koartsein: K&K.
Mar it docht bliken dat it net sûnder tûkelteammen giet.
It falt net ta, in kommersjele stjoerder yn'e loft te hâlden. Koop en Johny besykje der alles oan te dwaan om de kyksifers omheech te krijen. Drama, reality, medysk, foar de lytsen en net te ferjitten in spultsjeprogramma. Mar dan is it kofferke leech… betsjut dat it ein fan dit ambisjeuze projekt?
Hoe't it krekt ôfrint mei K&K kinne wy fansels net sizze, dat moatte de taskôgers sels mar meimeitsje by de tredde sjo 'Kommersjeel' fan it Hantumer kabaretduo Klún & Knoffelhakke.Klik hjir foar FOTO'S
24 Febrewaris 2001 wie it safier! Doe gie KOMMERSJEEL yn premiêre yn doarpshûs d'Ald Skoalle te Hantum. It wie in grut sukses en wy waarden oerladen mei komplimenten.
Ek fia e-mail krije wy sa no en dan reaksjes binnen: En ik fûn de premiêre fan Kommersjeel harstikke goed ...
Hendrik, we hebben geweldig genoten, zelfs Jannie!!... Oh ja ik zal even zeggen dat ik het wel een mooi première vond. Het was erg lachwekkend!!! Vooral de tandartsscene en de scene met het vogeltje. De Big Brother scene was ook leuk.... Sneontejûn lêstline hawwe wy ús tige by tige fermakke by jimme útstjoering "Kommersjeel".
Lokwinske mei dit ûnderhâldende programma en noch in protte sukses tawinske...
Ook namens mijn man. Het was vrijdagavond 28 september OK met K&K. Bespreek ze direct maar weer voor de volgende startavond 2002...
Namens wijkvereniging "de Schuttersheuvel" nog bedankt voor weer een geweldige avond,
hier wordt net zoals de vorige keer nog vaak over nagepraat. Zelfs Jopie zijn we nog niet vergeten. Bedankt en zeker tot ziens en natuurlijk heeeel veeeel succes toegewenst. Groetjes het bestuur.
 It giet sa goed, dat wy sûnt koart in bedriuwsauto oanskaft ha...
Wy ha al fan inkelde sketskes fan Kommersjeel in 'try-out' hân yn Burum. Yn de krante stie doe: "... De zaal was nu gevuld met ruim 100 aanwezigen. Het bekende duo Klún- en Knoffelhakke was hiervoor uitgenodigd. Dat er in Burum rare zaken gebeuren, bleek deze avond wel. De aanwezigen vermaakten zich prima deze avond, getuige de lachsalvo's die er regelmatig opklonken..."
Ek ha wy op 3 febrewaris 2001 yn Westergeast ús earste 'try-out' hân fan it folsleine programma fan 'Kommersjeel'. It rûn as in trein, ferskate iepen doekjes en in steande ovaasje. Der waard opmurken: "Piter Wilkens hie mear publyk, mar jimme wiene moaier..." Dat jout ús moed foar de 24-ste... Uit de Foestrumer (dorpsblad van Westergeest):
"3 Februari was er een gezellige avond met "Klún en Knoffelhakke". Deze keer hadden ze als onderwerp "Kommersjeel".
De aanwezigen beleefden een gezellige avond, waarin de lachspieren niet vergeten werden..."
Op 14 febrewaris 2001 hiene wy foar de personielsferiening fan de gemeente Dongeradiel ús twadde 'try-out'. Ek dizze foarstelling gie goed en wer in steande ovaasje. De aardige dame dy't ús in blomke oerhandige sei: "Wy sille goed reklame foar jimme meitsje..." It wie trouwens in moai blomke! Mar ja, it wie ek 'Valentijs-dag'.
Op 16 juny 2001 hiene wy in optreden yn'e feesttinte fan Ternaard. Yn'e Dockumer Courant fan 21 juny stie:"Klún en Knoffelhakke, twee komieken uit Hantum konden een bomvolle tent lachend bezig houden met hun grappen en grollen. Het was zoals de voorzitter zei, jullie mogen gerust eens weer komen, want dit is professioneel..."
Op 21 septimber 2001 hiene wy in optreden yn 'de Trilker' te Poppenwier. Op harren webside www.poppenwier.com stiet: 's Avonds was er een optreden van het cabaret "Klún en Knoffelhakke". In tegenstelling tot eerdere cabarets bleek dit een schitterend programma te zijn, die de zaal regelmatig in geschater deed uitbarsten.
Op 19 novimber 2003 hiene wy de derniêre yn 'de Lawei' te Drachten. Prachtich om in programma mei sa'n folle seal ôf te sluten.... It programma is 73 kear spile wurden.
| Foarblêd
| Ynformaasje
|
It programma dat spile wurdt
|
De foarige programma's
| Spyllist en beskikberens |
Foto's, fideo's ensfh.
|
Prikboerd
| Gasteboek |
|