Wat hat dy mich dochs mei In Moai Stikje te krijen? Dat wurde jo allinne mar gewaar as jo ús op 'e planken sjogge...
Klik rjochts ûnder op de mich om de mich fuort te jeien!Jo kinne dat wol, der trouwe in pear yn de famylje en dan moat der in stikje komme. Dat wurdt dan in hiel o-heden, want wat moat der op it pepier komme? De earste stapkes fan de breid, frjemde foarfallen fan de brêgeman, it ABC as dia's? It hat wat om'e hakken, koene wy dat stikje-dwaan mar oerslaan…
It Hantumer kabaretduo Klún & Knoffelhakke hat der wat op fûn! As Sake en Sije begjinne mei in soarte fan buro dat stikjes foar in oar makket. Mei harren slogan: Foar in stikje lang as koart, mei Sake en Sije wurdt it altyd wat!' besykje sy de minsken safier te krijen dat sy fan harren kreativiteit gebrûk meitsje. Dat slagget wol aardich, want Kees en Froukje trouwe en dan binne der fuort al guon dy't it stikje meitsjen leaver oan twa stikjeskriuwers oerlitte!
Klik
HJIR
foar ús adfertinsje...
Klik HJIR foar FOTO'S fan 'e premiêre
Klik HJIR foar FOTO'S fan ús optreden yn Boelensleane op 20 oktober 2006
Op sneon 11 oktober hiene wy yn Tersoal de twadde try-out fan 'In Moai Stikje'. De reaksjes wiene goed! 'Wy ha wer in moaie jûn hân...' Dat jout moed...
Op freed 24 oktober hiene wy yn Niawier de tredde try-out fan 'In Moai Stikje'. Yn'e krante stie: 'Revuegezelschap Klún & Knoffelhakke uit Hantum heeft een zeer geslaagde try-out gehouden. Centraal thema zijn de beide mannen Sake en Sije, die een bruiloftsfeest moeten redden met snel gemaakte sketches en wat dies meer zij. Door het publiek hierbij te betrekken, slagen zij daar prima in. De show kent enkele sublieme hoogtepunten, waaronder de scène met het eten van kip...' Soks heare wy graach...
Op freed 14 novimber en sneon 15 novimber wie it safier. Doe gie In Moai Stikje yn premiêre. It wiene twa geweldige jûnen en de twa útferkochte sealen wiene enthûsjast!:
'Och, och hoe krije jim it sa, wat siet it moai ynelkoar!! Ik ha genoaten. En dat mei dy hinnepoat en dy prûken en dat skitterende dekor en dat moaie folderke en dat bêd........JAAHA wy ha in o sa moaie jûn hân!!
It broadsje smakke ek o sa bêst. Ik fûn jim sjongen ek sa moai. Aanst mar ris in cd opnimme mei alle ferskes út de fjouwer stikken..'
En:
Wat wie it geweldich 15 novimber. It is echt in stik dat je wol ris in kear besykje moatte....
En:
O ja, iets heel anders, wil je Hendrik en Broer nog wel even de complimenten over brengen voor de fijne avond die ze ons bezorgd hebben...
Op sneon 5 jannewaris 2007 wie de derniêre fan In Moai Stikje yn Marrum. It programma hat it tige goed dien en wy ha it in rekord oantal kearen spile. Mar leafst 109 kear ha wy dit fjirde programma op 'e planken brocht!