teaterduo
Voor boekingen:
0519-571810
Klún & Knoffelhakke - Foar in noflike jûn!
© Makke troch www.vanderhei.de - 2017
Klún & Knoffelhakke prikboerd...
Jubileumjûn 10 oktober 2009
Nijjiersdûk yn Boerum 1 jannewaris 2012
By carnavalsferiening de Oeletoeters yn Snits 19 febrewaris 2012
28 septimber 2013 Op de premiêrejûn fan ús 7e sjo ha wy ôfskie naam fan ús technikus fan it earste oere: Herman Douwe van der Heide. Sûnt it earste begjin fan ús teaterduo is Herman Douwe lûdstechnikus west. Ja sels by de doarpsrevu’s siet Herman Douwe al achter de knoppen. Nei sa’n 20 jier hat Herman Douwe oanjûn dat hy graach stopje woe. Op 23 maart fan dit jier wie it yn Eastersee syn lêste sjo. Fansels woenen wy dizze jierrenlange technyske bydrage net ûngemurken oan ús foarby gean litte. Fandêr in blomke en in grut applaus fan ús publyk. Tige Tank Herman Douwe! Foto: Geurt Pieter Maassen van den Brink
1 desimber 2013 Op 10 jannewaris 2014 hâlde wy in bysûndere sjo fan Hé buorman! yn it Bowlingsintrum te Dokkum. Mei dizze útfiering wolle wy belangstellenden de kâns jaan ús nochris te sjen. Der binne al aardich wat kaarten ferkocht, mar der kinne noch folle mear by! Wolle jimme komme, dan kinne jimme kaarten fia dizze webside bestelle. Klik dan op dizze link. It moaie oan dizze jûn is, dat ús doarpsgenoaten Kroegbaas en Freonen meiwurkje. Sy nimme it muzikale gedielte fan dizze jûn op harren. Dus: In goed gbegjin fan it nije jier? Kom dan op 10 jannewaris o.s. nei it Bowlingsintrum yn Dokkum! Kaarten jilde €15,-
10 jannewaris 2014 20:00 oere Bowlingsintrum Dokkum Klún & Knoffelhakke Foar boekingen fan Kroegbaas &Freonen: 0519-571797
2 maaie 2015 Friezen op de Planken - it Haske - de Joure - Fanôf 14:00 oere Op sneon 2 maaie 2015 wurdt de earste artiestenbeurs fan Friezen op de Planken hâlden. Yn it Haske te Joure. Op dizze beurs presintearje in ferskaat oan Fryske artiesten harren oan besikers, organisaasjes, feestkommisjes en aktiviteitekommisjes fan doarpshuzen bygelyks. Mar net allinne artiesten, ek lûdsminsken, artiesteburo’s en oare ynstânsjes dy’t mei artiesten en it organisearjen fan feesten te krijen ha. De jûns binne der op ferskate poadia optredens fan Fryske artiesten. Sa as Country Wietske, Sanman & Sikke, Jaap Louwes, Griet Wiersma, Adri de Boer en noch folle, folle mear. Sjoch hjir mar ris... En fansels stappe wy der ek om. Liket ús gesellich om op dizze wize yn ‘e kunde te kommen mei oare artiesten, mei organisaasjes en oare belangstellenden. Wa wit wat dat oplevert... Foar mear ynformaasje sjoch op de webside fan www.friezenopdeplanken.nl
teaterduo
Klún & Knoffelhakke prikboerd...
Nijjiersdûk yn Boerum 1 jannewaris 2012
By carnavalsferiening de Oeletoeters yn Snits 19 febrewaris 2012
28 septimber 2013 Op de premiêrejûn fan ús 7e sjo ha wy ôfskie naam fan ús technikus fan it earste oere: Herman Douwe van der Heide. Sûnt it earste begjin fan ús teaterduo is Herman Douwe lûdstechnikus west. Ja sels by de doarpsrevu’s siet Herman Douwe al achter de knoppen. Nei sa’n 20 jier hat Herman Douwe oanjûn dat hy graach stopje woe. Op 23 maart fan dit jier wie it yn Eastersee syn lêste sjo. Fansels woenen wy dizze jierrenlange technyske bydrage net ûngemurken oan ús foarby gean litte. Fandêr in blomke en in grut applaus fan ús publyk. Tige Tank Herman Douwe! Foto: Geurt Pieter Maassen van den Brink
1 desimber 2013 Op 10 jannewaris 2014 hâlde wy in bysûndere sjo fan Hé buorman! yn it Bowlingsintrum te Dokkum. Mei dizze útfiering wolle wy belangstellenden de kâns jaan ús nochris te sjen. Der binne al aardich wat kaarten ferkocht, mar der kinne noch folle mear by! Wolle jimme komme, dan kinne jimme kaarten fia dizze webside bestelle. Klik dan op dizze link. It moaie oan dizze jûn is, dat ús doarpsgenoaten Kroegbaas en Freonen meiwurkje. Sy nimme it muzikale gedielte fan dizze jûn op harren. Dus: In goed gbegjin fan it nije jier? Kom dan op 10 jannewaris o.s. nei it Bowlingsintrum yn Dokkum! Kaarten jilde €15,-
10 jannewaris 2014 20:00 oere Bowlingsintrum Dokkum Klún & Knoffelhakke Foar boekingen fan Kroegbaas &Freonen: 0519-571797 Foar boekingen: 0519-571810 ynfo@klun-knoffelhakke.nl