
Klún & Knoffelhakke op Hyves! Klik op it logo om lid te wurden!
|
Dat wie in moai begjin fan it nije jier. De nijjiersdûk yn Burum. Omdat wy ferline jier (en ek noch wol folle faker...) optreden ha yn Burum, wienen wy frege om dit tradisjoneel barren wat op te fleurjen. En omdat wy in fleurige bining ha mei Burum, koenen wy dit net wegerje en dienen wy dit graach. It is altyd poerbêst ynoarder yn Burum. Noflike en gastfrije minsken, in tige entûsjaste doarpshûsbehearder en in protte publyk. No giet it op sa'n middei net om ús fansels, it is prachtich om te sjen dat op sa'n dei de dûkers de haadrol spylje. Mar leafst 85 minsken hienen harren opjûn foar dizze dûk. En neidat wy se mei in alarmpistoal it wetter ynsketten hienen, koenen wy dan ek allinne mar applaudisearje foar dizze weachhalzen. Nei ôfrin noch in hearlik kopke snert en wy gienen mei in goed gefoel it nije jier yn. It aardige wie, dat wy in grutte bearenburchdoaze meikrigen. Foar de drokte, neffens de grutte animator. Yn it earstoan tochten wy dat der seis flessen fan Fedde yn sieten, mar dat foel ta. In pear hearlike blikken snert, yn 'echte' Unoxmûtse en foar elk oardel liter echte Sonnema! Op it ynternet binne in hiele protte foto's, ferslachjes en filmpkes fan dit barren te finen. Sjoch bygelyks mar ris op: Nieuwsuitkollum.nl en op Wâldnet.
Sels skriuwt Geert hjiroer:
In link nei it fotoalbum op de fotosite fan Anjum. In smûk en gesellich optreden yn ús eigen gemeente. De fersoarging wie top! Klik hjir om de foto's te besjen.
Wa't Kees is, wit ik net krekt mar it is wol hiel aardich dat hy in stikje oer ús makke hat yn de Fryske fersy fan Wikipedia. Klik hjir om dat stikje te lêzen.
Dei Klún en Knoffelhakke,
Lokkich falt de rêchblessure fan Broer wat ta, it giet al in hiel stik better. Wy binne dan ek foarsichtich wer begûn mei optredens. Ôfrûne sneon yn Nij Altoenae. Fan harren webside plukten wy dit berjochtsje: Cabaretvoorstelling van Klún en Knoffehakke met meer dan 50 bezoekers een groot succes. Het publiek werd zaterdagavond 10 april in dorpshuis de Utwyk op humoristische wijze betrokken bij de voorstelling. De meeste bezoekers gingen naar huis met overbelaste lachspieren!
Us optreden op 3 april 2010 yn de Balstien te Noardburgum giet net troch. Fanwege in slimme rêchblessure fan Broer moatte wy even kalm oan! Fansels wolle wy it graach ynhelje yn Noardburgum. Wy hâlde jimme op 'e hichte...
Us seisde programma is yn premiêre gien! In útferkochte teaterseal yn it bowlingsintrum fan Dokkum, in hiele protte fleurige minsken en in geweldige sfear. De reaksjes wienen hiel goed. Dat it belooft wer wat foar dit programma. Op
In prachtige jubileumjûn yn it Bowlingsintrum te Dokkum. Wâldnet hat in protte foto's makke en ek op de side fan Lets's Dance steane foto's fan dizze bysûndere jûn. Klik op ûndersteande links om al dy prachtige foto's te besjen. Mei tank oan Geurt, Jochem en Gea.
| Spyllist en beskikberens | Foto's, fideo's ensfh. | Prikboerd | Gasteboek |
|