teaterduo Klún & Knoffelhakke programma Klún & Knoffelhakke - Foar in noflike jûn!
© Makke troch www.vanderhei.de - 2017
As jo fanôf 1994 tegearre op ‘e planken steane, dan kin it hast net oars as jo binne dikke maten wurden. Mar… Hoe moatte wy dat lêze? Wat bedoelt it duo mei dikke? Sille wy dat dan mar oan de taskôgers oerlitte? It programma lit him it bêste omskriuwe as typkesteater, wêryn it publyk net fergetten wurdt. En dochs is der in reade tried, mar besykje dy tusken alle wille troch mar ris te finen… Dikke Maten is de 8-ste show fan it Hantumer teaterduo. Dikke Maten is mei yngong fan 2017 te sjen en kin fanôf no boekt wurde! Dikke Maten gie op 16 septimber 2017 yn premiêre yn in fol teater Sense yn Dokkum. Lês de folsleine resinsje hjir Klik hjir foar de trailer. (YouTube)
Foar boekingen:
0519-571810
Ut ‘e krante:
Utsein harsels, spilet it duo komysk oanklaaide typkes, dy’t yn moai oan inoar fêstknope sênes foarby komme. De petearen dêryn rinne goed en de timing fan de grappen is prima. In prachtsêne is dy fan it skoalreiske…Harren dialogen, dwaan en litten roppe hieltyd wer de laits op. It sjongen giet har goed ôf en de wizen bringe fleur. Sels dy fan it slotliet, dat spitigernôch de ein betsjut fan dit oer alle boegen oangename programma. Sa wurde Broer en Hendrik wer ‘Dikke Maten’. Maten mei in show, dy’t ‘dik’ yn oarder is… (NDC 17-09-2017)
teaterduo
Klún & Knoffelhakke programma
As jo fanôf 1994 tegearre op ‘e planken steane, dan kin it hast net oars as jo binne dikke maten wurden. Mar… Hoe moatte wy dat lêze? Wat bedoelt it duo mei dikke? Sille wy dat dan mar oan de taskôgers oerlitte? Dikke Maten is de 8-ste show fan it Hantumer teaterduo. Dikke Maten is mei yngong fan 2017 te sjen en kin fanôf no boekt wurde! Dikke Maten gie op 16 septimber 2017 yn premiêre yn if bomfol teater Sense yn Dokkum. Lês hjir de resinsje.
Foar boekingen: 0519-571810 ynfo@klun-knoffelhakke.nl