Werom nei it foarblêd Ynformaasje oer it duo It programma dat spile wurdt Alles oer de foarige programma's Optredens en beskikberens Foto's, fideo's, posters, parseberjochten Nijtsjes en oare aardige saken Lês en skriuw yn ús gasteboek

Klún & Knoffelhakke op Hyves!
Klik op it logo om lid te wurden!


Yn dit útsje waadhoppe wy oer it gebiet dat alle natoerleafhawwers tige yn'e besnijing hâldt; it gebiet tusken de eilannen en de fêste wâl, it gebiet fan wyn en wetter, dún en dyk: it Waad. Faaks sjogge wy yn de fakânsje der al nei út, in dei mei de boat nei ien fan de waadeilannen. As mei in groep te waadrinnen nei de Engelsmanplaat. Foar de rêstsikers jout it Waad ynspiraasje, lekker de stress útwaaie litte, genietsje fan de fiere loften en de wide kimen. Mar tusken al dy rekreanten en rêstsikers wurdt der ek hiel wat drokte makke oer it Waad. Mei der no wol as net nei gas boarre wurde, moatte der no wol as net wynmûnen komme op'e seedyk? Der binne sels 'Wad-o-logen' dy't der grutte stúdzjes fan meitsje. En dan mar wer in rapport. Soene de seehûnen fan Lenie dat wol yn'e gaten ha? Dat der safolle drokte makke wurdt oer harren wenplak?


Klún- en Knoffelhakke dogge ek de rêchpûden op'e rêch en stappe yn it slyk fan it Waad. Sa no en dan stiet it wetter harren oan de lippen ta mar dêrnei stappe se ek wer fleurich oer de hurde sânplaten. Wat wolle jo ek, sûnder paadwizer it Waad op gean is net sûnder gefaar! Mar Klún en Knoffel ha net yn'e gaten dat se yn dit programma sels de paadwizers binne. En dan mar hoopje dat se de taskôgers achter harren oankrije.


Priuw de sfear, snúf de sâlte seewyn yn jimme op! Stap yn it slyk, sjoch goed om jimme hinne en genietsje salang as it noch kin. Mar tink derom, der binne minsken dy't oeral in slaatsje útslaan wolle...

'Wat?... it WAAD' is it twadde programma fan it Hantumer kabaretduo. Nei it sukses fan 'Alve Stêden en ien doarpke' moast der fansels in ferfolch komme, want as jo ien kear de smaak te pakken ha, dan kinne jo hast net mear sûnder.


WAT?... it WAAD gie op 12 oktober 1996 yn premiêre en is op 16 april 1999 foar it lêst spile yn kafé 'Veldzicht' te Mitselwier. Dit bysûndere programma is 46 kear op'e planken brocht.


| Foarblêd | Ynformaasje | It programma dat spile wurdt | De foarige programma's
| Spyllist en beskikberens | Foto's, fideo's ensfh. | Prikboerd | Gasteboek |