
Klún & Knoffelhakke op Hyves! Klik op it logo om lid te wurden! |
En noch folle mear by de folgjende links:
ALVE STEDEN EN IEN DOARPKE gie op 8 oktober 1994 yn premiêre en de lêste útfiering wie op 30 april 1999 yn it 'Geahûs' te Garyp. Klún en Knoffel ha it sa'n 75 kear opfierd. WAT?... it WAAD harren twadde programma gie op 12 oktober 1996 yn premiêre en is op 16 april 1999 foar it lêst spile yn kafé 'Veldzicht' te Mitselwier. Dit bysûndere programma is 46 kear op'e planken brocht.
Op 24 febrewaris 2001 gie harren tredde programma KOMMERSJEEL! yn premiêre. Krekt as de earste twa programma's wie dit ek wer in sjo fol mei nuvere typkes en frjemde foarfallen. Sjoen de reaksjes beloofde 'Kommersjeel' in grut sukses te wurden. En dat wie ek sa, want it programma is 73 kear spile wurden en waard op 19 novimber 2003 yn in folle seal yn'e Lawei te Drachten foar it lêst op'e planken brocht.
Op sneon 13 maart 2010 gie it seisde programma fan Klún & Knoffelhakke yn premiêre yn it Bowling- en Sealesintrum te Dokkum.
| Spyllist en beskikberens | Foto's, fideo's ensfh. | Prikboerd | Gasteboek | |