teaterduo Klún & Knoffelhakke - Foar in noflike jûn!
© Makke troch www.vanderhei.de - 2022
Klún & Knoffelhakke âlde doaze...
1. Alve stêden en ien doarpke ALVE STEDEN EN IEN DOARPKE gie op 8 oktober 1994 yn premiêre en de lêste útfiering wie op 30 april 1999 yn it 'Geahûs' te Garyp. Klún en Knoffel ha it sa'n 75 kear opfierd.
2. WAT?... it Waad! WAT?... it WAAD harren twadde programma gie op 12 oktober 1996 yn premiêre en is op 16 april 1999 foar it lêst spile yn kafé 'Veldzicht' te Mitselwier. Dit bysûndere programma is 46 kear op'e planken brocht.
3. Kommersjeel! Op 24 febrewaris 2001 gie harren tredde programma KOMMERSJEEL! yn premiêre. Krekt as de earste twa programma's wie dit ek wer in sjo fol mei nuvere typkes en frjemde foarfallen. Sjoen de reaksjes beloofde 'Kommersjeel' in grut sukses te wurden. En dat wie ek sa, want it programma is 73 kear spile wurden en waard op 19 novimber 2003 yn in folle seal yn'e Lawei te Drachten foar it lêst op'e planken brocht.
4. In moai stikje... Op 14 en 15 novimber 2003 gie it fjirde programma yn premiêre. It fjirde programma wie IN MOAI STIKJE alhiel fersoarge troch Sake & Sije, dy't harren nocht hiene fan dy eigenwize kabaret- mannen dy't altyd te let wienen. Boppedat trouden Froukje en Kees dat de brulloft moast ek noch tared wurde... It programma is mear as 110 kear spile wurden en waard op 5 jannewaris 2006 foar it lêst op 'e planken brocht yn Marrum.
5. It is de boer allikefolle... Op sneon 10 febrewaris 2007 gie it fiifde programma yn premiêre yn it Bowling- en Sealesintrum te Dokkum. Klún & Knoffelhakke sochten yn dit programma IT IS DE BOER ALLIKEFOLLE... de rêst op, want se hienen it mei harren fjirde programma o sa drok hân... Mar it pakte oars út! Ek dit rêstige plakje waard opsocht troch alderhande frjêmde rêstsikers en nuvere 'kultuerhappers'. It wie wer in hiel spektakel dat it publyk wer in noflike jûn besoargje hat. De derniêre fan dit programma wie op 27 novimber 2009 yn Bakhuzen en it is mear as 110 kear spile wurden! 6. ‘t is FEEST! Op sneon 13 maart 2010 gie it seisde programma fan Klún & Knoffelhakke yn premiêre yn it Bowling- en Sealesintrum te Dokkum. It programma hie de titel 'T IS FEEST meikrigen en is mei ynspirearre troch it 15 jierrige jubileum fan it duo. De twa mannen besochten in grut feest te organisearjen en sjoen de reputaasje fan dit duo soe it wol ris in grut sukses wurde kinne! As miskien ek wol net... De derniêre fan dit programma wie op 16 febrewaris 2013 yn de Glinstrastate te Burgum. Ek dit feestlike programma waard sa'n 100 kear spile!
Foar boekingen:
Klún & Knoffelhakke is ûntstien út de jierlikse doarpsrevu dy't Hendrik van der Heide fanôf 1989 tsien kear yn Hantum fersoarge hat. Yn 1994 die foar it earst Broer Douma mei. En net sûnder sukses! It waard in geweldige revu. Net allinne yn 'e seal, mar ek foar ús sels. Doe is besluten om it ek ris yn oare plakken te besykjen. Mei in jierliks folle aginda ta gefolch... De namme is ûntstien út in healwize oersetting fan 'de Stuntels'. Omdat dit gjin Frysk is, giene wy yn it Frysk wurdboek op syk nei in Frysk wurd foar stuntel. Sa kamen wy by knoffelhakke. It aardige is dat in pear siden earder yn it wurdboek klúnhakke stiet, mei deselde betsjutting as knoffelhakke. Dan is in kombinaasje gau makke: klún- en knoffelhakke. Mar om't it streekje gauris fergetten wurdt, ha wy der mar Klún & Knoffelhakke fan makke... De foto hjirûnder is historysk! De alderearste sêne fan ús duo!
0519-571810
7. Hé buorman! Op sneon 28 septimber 2013 gie it sande programma fan Klún & Knoffelhakke yn premiêre yn it Bowling- en Sealesintrum te Dokkum. Jo kinne dat wol. In buert fol gesellige minsken. Oh sa meiinoar... Buertjûnen, barbeques, doarpsfeesten en gean sa mar troch. Wat kin it noflik wenjen wêze op sa'n buert. Mar is it altiten wol sa gesellich? De derniêre wie op 19 novimber 2016 yn it smûke Exmoarre. Ek dit programma is mear as 100 kear spile wurden! En de sllllikkk-kikkert sille wy nea ferjitte…
teaterduo